It krystferhaal “efter de skermen”

It krystferhaal “efter de skermen”

Al jierren fersoarget de leiding fan de klups de bekende “kerstbroodmaaltijd”. De iene komt noch yn in moaier glitterjurkje as de oare en it is altyd gesellich.

Mar dit jier wiene wy de klos mei it bekende firus. It like ús dan ek net ferstânnich om it dit jier te dwaan. Hiel spitich, omdat de gewoane klup ek al stil leit. Mar klup soe klup net wêze om der wat op te betinken. We hiene in brainstormsesje ôfpraat om 19.00 oere fia teams. Allegearre sieten we klear, mar om 19.30 ha we dochs mar de mobyl pakt om te beeldbeljen, it slagge net. No it wie prachtich, eltsenien praatte troch mekoar mei de wyldste ideeën wat we no organisearje koene. Oan de ein fan de sesje hiene wy snoade plannen en we seagen it alhiel foar ús. In krystkuier foar de jeugd. Yn lytse groepkes troch de wyk efter tsjerke, mei in moaie winsk om op te hingjen yn ‘e tsjerke. Dat koe moai sa bûtendoar.

Mei de earste klup hiene de jonges moaie kryststjerren fan hout makke dy’t wy no ophingje soene mei ljochtsjes deryn. Derûnder kaam dan in fraach foar de krystpuzzeltocht. Ek wenje yn it plan Cedelshof in protte minsken dy’t hiel musikaal binne. Ach, wat soe dat moai wêze. In sanggroepke, accordeon, de lûden fan Westersweach. Yn myn gedachten hearde ik “Stille Nacht” al foarby kommen. En in “Stille nacht” sil it dit kear seker wurde…..
De bakker soe de bôle bakke en de waarme poeiermolke en wat lekkers wie al ynslein. De skiep moasten út de Dôle komme en al wie de reis fan Maria gâns fierder op de ezel, ús ezel stie no noch in Feankleaster. De boerinne hie al sein dat ik net krekt as Maria op de ezel nei de Sweach rinne koe, dizze wie sa tam net. De herders wiene freege en de klean hongen al klear oan in stokje. Wat hiene we al in moaie Jozef en Maria en it dekor wie al regele.

In lytse 70 bern hiene harren opjûn foar de krystkuier, de route wie hast útprinte, de filmploech stie klear en alle frijwilligers wisten harren plak. We wiene al in hiel ein mei alle tariedings.

Mar it kin net troch gean, krekt sa as in hiele protte dingen net troch gean kinne…… Mar dochs winskje we jimme noflike krystdagen.
It is oars as oars, mar mei de kryst in ferhaal fan ljocht en moed wêze foar elkenien.

Ut namme fan de klups PKN Kollumersweach

Share Button

Comments are closed.

Please enter Google Username or ID to start!
Example: clip360net or 116819034451508671546
Title
Caption
File name
Size
Alignment
Link to
  Open new windows
  Rel nofollow